Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

FNP: ien front lűke tsjin sâltwinning

Ljouwert, Tongersdei 08 Septimber 2011, 11:23 oere
De Steatefraksje fan de FNP bepleitet mei klam om as gemeenten, Provinsje en streekbewenners fan Noardwest-Fryslân ienriedich nei it Ryk ta op te lűken tsjin de sâltwinning. Ut brieven dy’t de Steaten krigen hawwe docht bliken dat de gemeenten yn it sâltwingebiet it mooglik net mear iens binne oer de sâltwinning űnder de fęste wâl. De fraksje hat skriftlike fragen steld hoe’t dit no krekt sit.

Wurdfierder Anna Martha van der Mei fynt it net sterk oerkommen yn de űnderhannelingen mei de minister fan EL&I dat Fryslân sels mei in ferdield hűs sit. Se ropt it Kolleezje fan Deputearre Steaten op om alle war te dwaan foar in ienriedich Frysk stânpunt.

De FNP makket him benammen soargen oer de gefolgen fan de slepende oerlizzen foar it rinnende gebietsproses yn Noardwest-Fryslân. Sa bliuwt űndúdlik wannear’t de maatregels foar de wetterhűshâlding útfierd wurde sille.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt