Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

FNP: Ferkeap hierhuzen funest foar SWF

Snits, Woansdei 28 Desimber 2011, 03:43 oere
FNP Súdwest-Fryslân is min te sprekken oer it plan fan Wenning – Korporaasjes dy’t har weromlûkt út de doarpen en it beslút fan it kabinet om lanlik trijekwart fan de hierhuzen te ferkeapjen. Fraksjefoarsitter Gerben Gerbrandy: ‘It is de wrâld op syn kop’.

De FNP hat ferline wike krityske fragen oan it kolleezje fan de gemeente Súdwest – Fryslân steld oer it beslút fan wenning – korporaasje ELKIEN harren oerienkomst mei it doarp Wûns net nei te kommen. Tiisdei 20 desimber 2011 hat ELKIEN yn de mienskip fan Wûns oankundige dat de yn febrewaris 2011 taseine 2 hierwenningen net mear boud wurde sille en de 6 hierwenningen dy’t der no binne op termyn ferkocht wurde. Doarpsbelang en de ynwenners fan Wûns binne it hjir net mei iens en wolle dat de ôfspraken neikommen wurde. De FNP wol fan it kolleezje witte wat se feitlik dwaan sil om de korporaasje te bewegen harren ôfspraken nei te kommen.

Wylst ELKIEN propagearret harren yn te setten foar it ferbetterjen fan de leefberens yn de doarpen en stêden, troch goede betelbere wenten oan te bieden en kreatyf gear te wurkjen mei doarpen en gemeenten wurdt ek yn Kimswert de stompe bile tapast. Hjir wol ELKIEN mar leafst 36 fan de 44 hierhuzen ferkeapje of slope. Gerbrandy: ‘De sosjale plicht fan dizze wenningstichting is hjir fier te sykjen’.

De FNP is ek min te sprekken oer it beslút fan de krekt oantreden CDA minister Liesbeth Spies sy wol dat 75% fan de hierhuzen ferkocht wurdt. De FNP fynt dat, krekt no’t it foar in protte minsken dreech is om in wenning te keapjen, it kabinet just mei in maatregel komme moat hierhuzen oan te bieden. Fraksjefoarsitter Gerbrandy: ‘De nije minister is it paad bjuster, dit is funest foar Súdwest – Fryslân, wêr moat ús jongerein aanstons wenje?’

Mei de ferkeap fan safolle hierhuzen wurdt de trochstreaming fan hier- nei eigen keapwenning op slot setten. Minsken wurdt sa de kâns ûntnommen om yn harren eigen leef- en wurkomjouwing te wenjen. Keapers dy’t it hús krekt betelje kinne, krije it dreech om de wenning goed te ûnderhâlden.

De FNP fynt dat it belied fan dit rânestêdkabinet en de regionale korporaasjes net mear rjochte is op de leefberens fan de mienskippen mar op eigen gewin. Gerbrandy: ‘De oerheid en de korporaasjes binne der om de minsken te tsjinjen, net oarsom’!


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt