Fleantúch delstoarten by Rottefalle
Wommels, Snein 14 Maart 2010, 21:11 oereRottefalle- Yn in stik lân oan de Muntsegroppe tusken Rottefalle en Harkema is fannemiddei in lyts fleantúgje, mei twa ynsittenden delstoarten. De 42-jierrige piloat út Drachten en syn 71-jierrige heit kamen mei de skrik frij.
De piloat fleande yn in Ultravia Pelican PL op 300 meter hichte, doe't der motorproblemen kriich. Hy probearre in needlâning te meitsje yn in stik lân. Hjirby rekke it tastel swier skansearre en kaam efterstefoaren ta stilstân. It ûngelok wurdt ûndersocht troch de fleantúch tak fan it KLPD en de ûndersykrie foar feiligens.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















