Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Flagje foar de taal - it is “Keppelfeest”!

Ljouwert, Tongersdei 15 Septimber 2011, 14:56 oere
Op sneon 17 septimber om 14.30 sil it Keppelfeest útein sette. It feest is ta oantinken fan “Kneppelfreed”, dat 60 jier lyn plakfűn op it Saailân. Der wie doe gâns opskuor om in rjochtsaak hinne tsjin Fedde Schurer en Tjebbe de Jong.

Oanlieding wie de wegering fan Mr. Wolthers fan de rjochtbank om Frysk te ferstean yn in sitting oer in űnnoazel ferkearsflater tsjin bistedokter Van der Brug. It fűle artikel fan Fedde Schurer yn de Hearenfeanster Koerier skeat Wolthers yn it ferkearde kielsgat. Hy fielde him misledige en liet Schurer foar komme. Doe’t der foar it Paleis fan Justysje in wat broerige sfear űntstie neidat Schurer nei bűten kaam liet de kommissaris fan de plysje it folk troch de plysje út elkoar kneppelje. Earder wiene de simpele wurden “molke” en “sűpe” op de bussen fan in sűp- en breikarre yn Aldeboarn al reden foar de Warenwetlju om dat te ferbieden. Nei Kneppelfreed krigen se yn De Haach yn ‘e gaten dat it Frysk wetlik mear romte krije moast. Dat proses stiet bekend űnder de gjalp: “Fan geunst nei rjocht”. It kneppeljen fan doe hat soarge foar in bettere status fan it Frysk.

Kommende sneon, it begjin fan it Keppelfeest, wolle wy net kneppelje mar keppelje. It is net allinnich in feest foar de Fryske taal mar ek foar it Stellingwerfsk, it Stedsk, it Biltsk en alle oare talen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.

Dan sil ek de alderearste flagge fan mei mekoar 3600 flaggen oanbean wurde oan wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert. Der binne 60 doarpen útkeazen, dy’t 60 flaggen krije om op te hingjen. Ljouwert begjint op 17 septimber as earste mei it úthingjen fan de 60 flaggen. Op de twadde dei stekt it folgjende doarp of stęd ek 60 flaggen út en sa fierder. Sa hingje der op 16 novimber 2011, de dei fan kneppelfreed, 60 kear 60 flaggen. Alle doarpen en stęden hawwe harren eigen tekst op de flagge stean. It is in stikje fan in gedicht dat by it doarp of stęd past. It hiele gedicht is te lęzen op www.keppelje.nl. Dit flaggeprojekt wurdt stipe troch Fryslân Kulturele Haadstęd 2018.

Op it Saailân sil sneon hiel wat ferdivedaasje węze. De Bildstars sille mei in teaterbus twa útfierings fersoargje, om 13.30 op de Lange Piip en krekt nei trije oere foar it Paleis fan Justysje. Hja bringe in prachtich stik kabaret troch betűfte spilers. Djembegroep Nunya, út Stiens, sil tusken twa en trije oere leven meitsje by it Paleis fan Justysje. Yn de tuskentiid rint drum- en sjofanfare Jong Advendo mei de 60 flaggedragers troch de binnenstęd. Om trije oere fynt yn it Paleis fan Justysje de iepening plak. Mr. J.S. van der Kolk, de presidint fan de rjochtbank fan Ljouwert, lit syn ljocht skine op de hjoeddeistige posysje fan it Frysk by de rjochtbank. Jan Arendz en Marijke Geertsma, bekend fan Tryater, sille in stik opfiere en de Fryske tenor Albert Bonnema bringt in tekst fan Fedde Schurer ta libben. Al mei al kin it publyk rekkenje op in ôfwikseljend en tagelyk learsum programma).

Sjoch foar mear ynformaasje: www.keppelje.nl


Gerelateerde artikelen
Betinking 60 jier Kneppelfreed


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt