Fjouwer ferwûnen by ûngelok Skraard
Skraard, Moandei 30 Augustus 2010, 18:48 oereOp de Weersterwei by Skraard binne moandeitemiddei by in oanriding tusken twa auto's fjouwer minsken ferwûne rekke. Ien fan de beide auto's kaam dêrby yn de sleat telâne. De ynsittenden fan dizze auto: in frou mei har dochter en har freondinne (allegear út Makkum) hienen krekt de skoalboeken ophelle.
De Makkumers krigen gjin foarrang fan in frou út Skraard dy't de Weesterwei yn de rjochting fan Wûns oerstekke woe. De fjouwer ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean. It ferkear is troch de plysje omlaat oer Wûns. Beide auto's, lykas de skoalboeken binne swier skansearre rekke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










