Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fiering restauraasje Sint Vitustsjerke Blauhûs

Wommels, Tiisdei 01 Desimber 2009, 17:50 oere
Blauhûs- ûnder it motto ‘successen moet je vieren’ is snein de Sint Vitustsjerke yn Blauhûs nei in grutte restauraasje wer ynwijd. It wie foar de mienskip in iikpunt: de ôfsluting fan de restauraasje wurdt yn Blauhûs sjoen as opstap nei in nije perioade yn de parochy.


Houtwjirm en âlderdom ha de foar soarge dat it ynterieur fan Cuypers tsjerke út 1870 oan grut ûnderhâld ta wie. Nei jierren fan tariedings en jild ynsammeljen, waard foarige simmer begien mei de restauraasje fan it ynterieur. Under oare de ferwulven en muorreskilderingen binne reinige en wer nedich restaurearre, lik as de houten bylden.

Under de feestlike eucharistyfiering snein is nije tiid ienlûden: in perioade wer yn de hiele parochy meitinkt oer hoe hja mei de moai restaurearre tsjerke in fitale geloofsmienskip wolle en kin wêze.

Yn de Sint Vitustsjerke is in sterk besef fan dat hja foar in útdaging stean “we willen onze krachten en beperkingen in kaart brengen. Het is van belang dat nieuwe mensen, liefst uit de wat jongere generatie van dertig tot veertig jaar, hun schouders mee onder de parochie zetten.”

De parochy giet har bêst dwaan om de doarpsbewenners wer by de tsjerke te belûken.


Gerelateerde artikelen
Restauraasje Sint Vitustsjerke foltôge


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt