Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fideoreportaazje 25ste step alvestêdetocht

Boalsert, Moandei 24 Maaie 2010, 01:10 oere
102 steppers fertrokken sneontenacht om 12 oere fanút Boalsert foar de 25ste step alvestêdetocht. Neffens kenners is dit de swierste alvestêdetocht dy't der is. Underweis nei Dokkum moasten de steppers fan de rûte ôfwike, om't troch in fûle brân by Blije asbest op it fytspaad kommen is.

Snein yn de neimiddei kamen de earste steppers oan yn Boalsert. Dizze alvestêdetocht is gjin wedstriid mar in toertocht, foar de ear doche de steppers wol harren bêst om as earste oan te kommen. De ear gong dit jier nei de Dútser Paul Balke. Yn totaal foelen trije steppers út.

Ton Visser fan TV Boalsert hat ûndersteande wiidweidige fideoreportaazje makke.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt