Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Feroarsaker gaslek Wytmarsum kin claim ferwachtsje

Wommels, Tiisdei 27 April 2010, 14:34 oere
Wytmarsum- De gemeente Wûnseradiel giet probearjen de skea op Verkley Leidingbouw út Drachten te ferheljen. Dit bedriuw fernielde moandeitemoarn mei in kraan in haadlieding foar it gemeentehûs. Hjirtroch ûntstie in gaslek en wie der inkele oeren eksploazjegefaar.


Fjouwerwenningen en it gemeentehûs moasten ûntromme wurde. Fyftich amtners koenen hjirtroch net oant wurk. Yn plak fan moarns wie it gemeentehûs no middeis iepen foar de boargers. Wûnseradiel hopet dizze ekstra kosten werom te krijen fan de feroarsaker.

Foto's en fideo binne makke troch Rudy Bouma.



Dit wie net de earste kear dat in diel fan Wytmarsum ûntromme moast wurde troch in grut gaslek. Yn 2007 op âldjiersdei waard foar de brânwachtkazerne in stik fjoerwurk yn it rioel smiten. Hjirtroch gie de haadgaslieding, wat neist it rioel lei stikken. 
Gaslek Wytmarsum- 31-12-2007
Gaslek Wytmarsum- 31-12-2007


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt