Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Ljouwert, Tongersdei 26 Jannewaris 2012, 08:04 oereOer it brûken fan sosjale media wurdt wakker ûngelyk tocht. De ien mient dat online farianten op freonskippen it gefaar fan devaluaasje fan it begryp ‘freonskip’ mei har mei bringe. Oaren sjogge de digitale netwurken as in geweldich plak dêr’t minsken fan oer de hiele wrâld by elkoar komme om harren tinzen, ideeën en ûnderfinings mei elkoar te dielen. Fan gibeljende partybisten op Hyves oant en mei oproppen ta demonstraasjes op Twitter en bedriuwen dy’t meiwurkers oanstelle om sa folle mooglik freonen op facebook te meitsjen: fynst der fan alles en noch wat. It ûnderwerp ‘freonskip en sosjale media’ biedt dêrmei mear as genôch stof om in rol te spyljen yn in koart literêr ferhaal.
It Friesch Dagblad en It Skriuwersboun wolle jong Frysktalich skriuwtalint in kâns biede om in grut lêzerspublyk te berikken. Ast in ferhaal fan maksimaal 725 wurden oer ‘freonskip en sosjale media’ skriuwst, makkest kâns op € 100,-. De ynstjoerings wurde hifke troch in saakkundige sjuery, besteande út de skriuwers/resinsinten Jaap Krol, Ate Grijpstra en Sigrid Kingma. De fjouwer winnende ferhalen wurde publisearre yn de Sneonspetiele fan it Friesch Dagblad. Dêrneist wurde de skriuwers útnoege om freed 8 juni harren ferhaal foar te lêzen op in feestlike literêre jûn, ôfwiksele mei optredens fan jonge muzikanten. In spesjale gast sil dêr dan de prizen útrikke.
Spulrigels
De wedstriid: stiet iepen foar dielnimmers oant en mei 25 jier.Sjenre: proaza / ferhaal fan maksimaal 725 wurden yn it Frysk
Oanleverje: foar 31 maart 2012 as Word-dokumint maile nei
Yn de mail: de titel fan it ferhaal, namme, leeftyd en adresgegevens.
It ferhaal der as in bylage by: de sjuery beoardielet de ferhalen anonym.
Alle dielnimmers krije foar 15 maaie berjocht. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde. De winners wurde in jier jang fergees lid fan It Skriuwersboun.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |


















