Enkęte: Wat wolle de jongerein fan Nijefurd
Wommels, Tongersdei 04 Febrewaris 2010, 10:22 oereWarkum- Nije wike krije de jongerein fan Nijefurd, yn de leeftiid fan 10 oant 23 jier in enkęte tastjoerd. De jongereinwurkers Schuscha Huisman en Heichina Hidding, dy't yn 2009 begűn binne yn de gemeente, wolle sa witte wa't der libbet űnder de jongerein en wa't foar aktiviteiten se graach wolle.
De jongereinwurkers fan Timpaan Welzijn rjochtet harren op jongerein fan 10 oant 23 jier. Se űnderstypjen frijwilligersgroepen dy't harren ynsetten foar jongereinaktiviteiten, soazen of klups. Ek organisearje de jongereinwurkers sels aktiviteiten, jouwe se striidberenstrainingen en foarljochting.
Mei de útkomsten fan de enkęte ferwachtet it jongereinwurk, goed oan te kinnen sluten mei de winsken en behoeften fan de jongerein.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















