Emote wint Troanie's Rock Battle 2009 (fideo)
Wommels, Moandei 02 Novimber 2009, 16:03 oereDe twadde edysje fan Troanie’s Rockbattle is wûn troch de Makkumer grungeband Emote. “Grunge leeft!” dat sei de sjonger fan de band Emote nei’t se yn maaie de foarwedstriid yn It reade Hynder wûn ha. En dat wie net te folle sein want yn’e finale setten se wer in mânsk optreden del, wêrtroch se genôch punten krigen om de finale te winnen.
De haadpriis is € 500,- oan ynstrumintarium en dêr wiene de mannen fan Emote tige wiis mei. Oan de Rock Battle Finale yn It Dielshûs diene neist Emote de bands Zubzero, Silicon Free en Loaded Dice mei.
Gerelateerde artikelen
Wa wint Troanie’s Rock Battle 2009
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









