Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ekstreme wettersporten op it Iselmar (fideo)

Warkum, Tiisdei 17 Maaie 2011, 05:13 oere
Op it strân fan Warkum waard ôfrûne snein, ûnder ideale waaromstannichheden, de earste edysje fan Hooked organisearre. Hooked is in evenemint om minsken entûsjast te meitsjen foar ekstreme wettersporten sa as it kitesurfen.

It evenemint is in skoalleprojekt fan studint Matthijs Kalsbeek en moat útgroeie ta it grutske kitesurf-evenemint fan Fryslân. Neist kitesurflessen en demostraasjes koene de besikers ek kennis meitsje mei oare ekstreme sporten sa as: BMX fytse, longboarden en wynsurfe.

Besjoch hjirûnder de fideo-reportaazje dy’t wy makke ha foar GPTV en Stjoerder.nl.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt