Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ekstra riedsgearkomste gemeente Littenseradiel

Wommels, Sneon 19 Juny 2010, 11:07 oere
Wommels- Op moandei 5 july komt de gemeenteried fan Littenseradiel by inoar foar in ekstra gearkomste oer de strategyske fisy fan de gemeente.


It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat earder in nota oanbean oan de ried, wêryn sy dêrfoar in foarset docht. De gemeenteried hat doe fjouwer ynsprekjûnen organisearre wêryn’t de ynwenners fan de gemeente de gelegenheid bean is om oer dizze takomst nei te tinken en te praten. Dizze ynsprekjûnen wienen in ferfolch op de earder hâlden ynsprekjûnen oer it al as net selsstannich bliuwen fan Littenseradiel. Der binne ferskate tema’s oan ’e oarder west: soarch, tsjinstferliening, jeugd en grien. De jûnen wienen in sukses. Der kamen in protte minsken dy’t harren miening en ideeën nei foarren brocht hawwe.

No’t de boargers harren miening jûn hawwe, is de gemeenteried oan bar. Yn ’e ekstra riedsgearkomste praat de gemeenteried fierder oer de resultaten fan de ynspraakjûnen. It doel dêrfan is it kolleezje in boadskip mei te jaan oer it meitsjen fan in definityf beliedsstik wêr yn grutte halen rjochting jûn wurdt oan de takomst fan de gemeente.

De ried sil dat belied nei alle gedachten oan ‘e ein fan it jier fêstlizze. Lykas as de oare riedsgearkomsten is de gearkomste iepenbier tagonklik. De gearkomste is yn it gemeentehûs en begjint om 19.30 oere.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt