Eksposysje fotograaf Henk Bootsma yn Wommels
Wommels, Tongersdei 11 Maart 2010, 16:54 oereWommels- Hast altiten hat Henk Bootsma út Wommels syn kamera by him, as er yn it doarp rint, as er oan it wurk is, of as er nei in sportevenemint giet. En altiten makket er de moaiste plaatsjes fan wat der rûnom him bart. Sels seit er dat wy yn in moaie wrâld libje, mar datst gewoan goed sjen moast.
Henk Bootsma: “It giet derom de omjouwing op dy ynwurkje te litten en dan it byld te pakken.” En dat byld wit Bootsma grif te pakken, sjoen de eksposysje dy’t no yn it gemeentehûs te sjen is. It binne syn moaiste foto’s, makke yn ús gemeente en dêrbûten.
Henk Bootsma begûn mei 15 jier al mei syn hobby fotografy, oanstutsen troch syn twa âldere broers. Hy krige de ‘ôflizzer’-kamera’s fan harren en begûn dêrmei te eksperimintearjen. No fotografearje de broers Bootsma ek noch wol, mar sa gek as harren lytse broerke it no makket, meitsje sy it net. Hast alle jûnen is Henk Bootsma oan ‘e gong mei syn foto’s: útsykje, bewurkje en op syn webside sette, www.henkbootsmafotografie.nl. De foto’s moatte lykwols net tefolle bewurke wurde. “It begjint mei in goede foto en dy fersterkest mei wat oanpassingen oan kontrast, kleur of útsnijing.”
Bootsma sjocht altiten om him hinne oft er moaie dingen foar in foto sjocht. “Littenseradiel is prachtich, mar jo moatte op de details lette. Ik sjoch dêrom faak alle kanten út.” Syn frou fynt it mar gefaarlik as er dat ûnderweis mei de auto ek docht. Mar sa hat Bootsma ien fan syn bekendste foto’s ek sketten. Dat is in foto fan in ielreager krekt op it momint dat er in mûske yn ’e bek hat om it troch te slokken. Hy kaam út it wurk en seach dy reager yn it lân en tocht dy stiet op it punt om wat te pakken. Hy hat de auto oan ‘e kant set en is efter in hage krûpt, syn kamera mei in grutte lins derop yn ‘e oanslach. De reager die in haal en Bootsma drukte ôf. Syn kamera makket fiif foto’s yn in sekonde en doe’t hy seach wat foar foto’s hy makke hie, makke er – sa’t er sels seit – wol efkes in dûnske fan bliidskip. De foto hat foarop it Frysk Deiblêd stien en yn it AD en noch in stik of fiif kranten.
Troch syn fotowurk yn te stjoeren nei ferskate kranten is Henk Bootsma hieltiten bekender wurden en wurdt hy no ek frege reportaazjes fan eveneminten te meitsjen, lykas de fytsalvestêdetocht. “Dêr haw ik in oantal jierren ferlyn foto’s fan makke en ynstjoerd. No hat de organisaasje my al fiif kear ynhierd as húsfotograaf. Dan krij ik in auto mei sjauffeur mei sa’t ik de hannen frij haw om foto’s te meitsjen en sa in hiel byldferslach fan de fytstocht te meitsjen. Dat se my alle jierren wer freegje, fyn ik in hiele ear. En fia de link op de webside fan de fytsalvestêdetocht krij ik ek in soad besikers op myn eigen webside.”
Neffens Henk Bootsma moat in foto in ferhaal fertelle: “Minsken moatte der efkes by stilstean en sjen wat ik ek seach. Dat fyn ik moai oan dizze eksposysje: de minsken sjogge it byld troch myn eagen.” Bootsma wurket yn syn foto’s graach mei skerpte en ûnskerpte. “Do kinst sa it byld earne hinne liede.” Sa hingje der op de eksposysje bylden fan hiele grutte beammen mei in hiel lyts mantsje der tusken. “Dan sjochst hoe neatich wy binne neist de natuer.”
Henk Bootsma fynt dat fotografy en skilderjen eins net iens sa fier fan inoar ôf lizze. “Bist eins mei it ljocht oan it skilderjen.” It giet him om it byld. “Minsken ferjitte dat ik de foto makke haw, mar it plaatsje – it byld - ûnthâlde se. Dêr giet it om.”
Eksposysje
De eksposysje fan Henk Bootsma is fan dizze wike ôf oant en mei maaie te sjen yn it gemeentehûs fan Wommels. It gemeentehûs is moarns iepene fan 9.00 oere ôf oant 12.00 oere en op woansdeitemiddeis fan 14.00 oere oant 16.00 oere. Mear ynformaasje oer Henk Bootsma kinne jo fine op www.henkbootsmafotografie.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










