Echtpear ferwûne nei ûngelok by Winsum
Wommels, Snein 27 Juny 2010, 15:22 oereWinsum- Op de Froonackerdyk by Winsum is sneontemiddei in echtpear út De Jouwer ferwûne rekke. Op it momint dat it echtpear ôfslaan soe, krigen sy gjin foarrang fan in 35-jierrige bestjoerder fan in bestelbuske út Wjelsryp.
De brânwacht fan Mantgum waard alarmearre om it echtpear út de auto te heljen. De ferwûningen 86-jierrige bestjoerder blykte mei te fallen. Syn 84-jierrige frou rekke ferwûne oan har earm.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










