Easterwierrum hat twadde trijetalige skoalle fan L'diel
Wommels, Tiisdei 06 July 2010, 19:06 oereEasterwierrum- De iepenbiere basisskoalle De Fôlefinne fan Easterwierrum is offisjeel sertifisearre as Trijetalige Skoalle. Mei in kleurryk bernefeest hat de skoalle dêr omtinken oan jûn. Skoalbern út ’e ferskillende groepen wienen klaaid yn ‘e kleuren fan ‘e trije talen dy’t op ‘e skoalle as fak en as fiertaal funksjonearje.
Nei de presintaasje fan ‘e skoalbern en de ûntbleating fan it buordsje trijetalige skoalle spriek de direkteur, mefrou Alie Heijnis, de bern en de oanwêzigen ta. Hja priizge it team en de skoalbegelieding foar de ynset om te kommen ta kwalitatyf taalbelied. Ek de bern krigen in fear yn ‘e broek foar har presintaasje yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.
Nei it taspraakje fan ’e direkteur kaam de ûnderwiisadviseur fan Cedin-Taalsintrum, de hear Eelke Goodijk, oan it wurd. Hy spriek oer in feest fan meartaligens. Bern op in trijetalige skoalle rêde har better mei de trije talen as har leeftydsgenoatsjes op gewoane skoallen. In flinke opstekker is ek de útslach fan it nijste ynspeksje-ûndersyk dêr’t út bliken docht dat de trijetalige skoallen yn Fryslân sels lannelik boppegemiddeld skoare! In goede oantrún om meardere skoallen by it konsept 3TS te belûken.
Goodijk betanke de fertsjintwurdigers fan ‘e Gemeente Littenseradiel, wethâlder mefrou Froukje Hernamdt, en ûnderwiisamtner de hear Wim Grit, foar de ynset fan ‘e Gemeente Littenseradiel om de taalkwaliteit fan har basisskoallen te ferbetterjen. Dizze gemeente hat de grutste groep trijetalige skoallen. Acht skoallen yn Littenseradiel binne by it Netwurk 3TS oansletten en twa* dêrfan binne no sertifisearre en meie it buordsje 3TS op ‘e muorre hawwe. De groep 3TS-skoallen is yn trije jier tiid tanaam fan sân skoallen yn 2007 oant 38 skoallen yn 2010.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










