Eastereiner ferwûne nei gefjocht mei ynbrekkers
Wommels, Freed 07 Maaie 2010, 12:36 oereEasterein- In 51-jierrige ynwenner fan Easterein is yn de nacht fan tongersdei op freed ferwûne rekke neidat hy twa ynbrekkers yn syn bedriuw oan de Sibadwei ûntduts. De man waard wekker fan it alaarm en gie nei syn bedriuw, om te sjen wat der oan de hân wie.
Doe't der binnen wie stie hy each yn each mei twa ynbrekkers. De 51-jierrige man pakte ien fan de twa beet. De ynbrekkers wisten lykwols te ûntkommen en riden fuort yn in auto. Hjirby is de Eastereiner slein mei in koefoet. De man rekke ferwûne oan syn gesicht mar hoegde net nei't sikehûs.
De plysje waard warskôge en socht fuortendaalks de omjouwing ôf nei de ynbrekkers dy't op de flecht slein wiene. Spitich genôch waarden de ynbrekkers net oantroffen. Ut it bedriuw is neat meinommen. De technyske resjerzje sil de ynbraak neier ûndersykje.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















