Easterein Rocks wer grut sukses (fideo)
Easterein, Sneon 28 Febrewaris 2009, 13:55 oereDe twadde edysje fan Easterein Rocks yn Kafee Bergsma wie in grut sukses. Der kamen sa’n 600 besikers op ôf. Oan de jûn wurken ferskate Eastereiner muzikanten en it muzykkorps Wilhelmina mei.
De earste edysje wie yn 2007 en nei moannen fan oefenjen wie it yn 2009 tiid foar de twadde edysje. Dit kear wie alles noch grutter en dienen der noch mear muzikanten oan mei sa wienen der dit kear mar leafst 60 muzikanten út Easterein. De sfear siet derom fan ôf it begjin al goed yn. Nei dit grutte sukses mei folle hichtepunten sil der fêst in tredde edysje komme. Sa gau’t de datum bekend is sille wy dat op dizze side fermelde.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









