Easterein: heit en soan efter ynbrekkers oan, ien oppakt
Wommels, Woansdei 12 Maaie 2010, 14:31 oereEasterein- De plysje hat fannacht in 34-jierrige man út Arnhem oanholden foar it ynbrekken by in bedriuw oan de Sibadawei yn Easterein. De eigener en syn soan ha de ynbrekkers op 'e die trappearre. De oare dieders binne net fûn. Foarige wike waard by itselde bedriuw ek al ynbrekkers trappearre, doe rekke de eigener ferwûne troch in klap mei in koefoet.
Yn de nacht fan tiisdei op woansdei gong om 02.30 oere it alaarm ôf by it bedriuw oan de Sibadawei. De eigener en syn soan waarden wekker en seagen fanôf it balkon de ynbrekkers op de flecht slaan yn in grize bestelauto. De plysje waard warskôge en de efterfolging waard ynsetten.
Trochdat de doarren fan de bestelauto net ticht wienen lei de dyk besiedde mei stellen ark. De eigener rekke de fertochten op in stuit kwyt. It fermoeden bestie dat de fertochten noch yn de omjouwing fan Easterein wêze moasten. Derop hat de plysje mei in plysjehûn yn de omjouwing socht.
Op de Skippersbuorren waard de bestelauto ûntdutsen. Yn de auto lei noch ark dy't sy stellen wiene by't bedriuw. Mei de plysjehûn is fierder socht en dy hat yn de omjouwing fan de de Stittenserleane in fertochte oantroffen. By it sjen fan de plysje gie fertochte der wer fan troch, mar de plysjehûn wie him te fluch ôf. Hjirby rekke de fertochte, in 34-jierrige man út Arnhem, oan syn earm ferwûne. De oare ynbrekkers binne net mear oantroffen.
Gerelateerde artikelen
Eastereiner ferwûne nei gefjocht mei ynbrekkers
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










