Earste lokomotyf foar Friese Stoomtrein Maatschapij
Snits, Snein 28 Febrewaris 2010, 14:46 oereSneontemoarn om 11 oere is de earste lokomotyf fan stifting Friese Stoomtrein Maatschapij yn Snits oankaam. De diesel lokomotyf komt út Dútslân wei en is op in djiplader nei Snits ferfierd. Mei in kraan is de lokomotyf op in stielkonstruksje mei rails takele, om sa it gehiel mei in sjofel yn de Arriva loads te riden.
By it nei binne ta riden is ien fan de twa âlde rails brutsen. Dit waard ferholpen mei ekstra kettingen. Nei twa oeren stie de lokomotyf te plak.
De lokomotyf sil brûkt wurde foar it ranzjearjen fan de rydtugen. Letter komt der noch in lokomotyf út Switserlân wei, dy't brûkt wurde sil op it trajekt tusken Snits en Starum.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















