Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Earste ljipaaien Súdwest Fryslân

Wommels, Sneon 20 Maart 2010, 13:08 oere
Regio- Neidat earst al de earste ljipaaien fan Littenseradiel en Wûnseradiel fûn binne, binne no ek de earste aaien fan Nijefurd, Snits, Boalsert en Wymbritseradiel fûn. De Boalserters Wiebe Palstra (25) en Jan Kroese (44) ha tongersdeitejûn om 18.04 oere it earste aai fan Boalsert fûn.


De freonen sochten tegearre it gebiet Laad en Zaad ôf en seagen fuortendaalks in nêst mei ien aai lizzen. De mannen ha freed it aaike oanbean oan boargemaster Vroegindeweij. Yn 2000, 2005 en 2006 fûn Wiebe Palstra ek al it earste aai fan Boalsert.

Sjouke Pieter Visser út Jirnsum hat freedtemoarn om 8.25 oere tusken Nijlân en Folsgeare it earste fan Wymbritseradiel fûn. Noch dyselde moarn is it aai oanbean oan boargemaster Reitsma.

Efkes letter om 9.20 oere waard troch de hear Roeland Niemarkt (59) út Skearnegoutum it earste aai fan Snits fûn. Hy fûn it aai tusken Offenwier en Oudvaart. Boargemaster Apotheker hat it aai freedtemoarn yn ûntfangst naam

Ek it earste aai fan Nijefurd is fûn. It aai is tongersdei om 16.46 fûn troch Anke Veldman (47). Sy ûntduts it aai yn it maisfjild efter har hûs. Freed is it aai oanbean oan boargemaster Boekhoven.

Fideoreportaazje fan it earste aai fan Bolasert. Makke troch: Ton Visser


Gerelateerde artikelen
Earste ljipaai fan gemeente Littenseradiel
Earste ljipaai fan gemeente Wûnseradiel


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt