Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Earste ljipaai fan gemeente Littenseradiel

Wommels, Tongersdei 18 Maart 2010, 14:53 oere
Wommels- Fannemoarn, om tweintich oer achten moarns is tusken Winsum en Easterlittens, by it fiadukt, it earste ljipaai fan Littenseradiel fûn troch Anton Folkerts (71) út Easterlittens. Tongersdeitemiddeis brocht er it aaike by boargemaster Johanneke Liemburg.


Sy hat de aaisikerskaart fan Folkerts kontrolearre en it aaike lottere. Njonken de lokwinsken krige Folkerts in oarkonde en it fynderslean fan €15,00.

Twa jier ferlyn woed er noch ophâlde mei aaisykjen om’t de ljipaaien no per mobile tillefoan registrearre wurde moatte by de Bûn Fryske Fûgelwachten. “Dat hoegde fan my net mear, mar de bern hawwe my holpen mei de mobile tillefoan. It nûmer stiet no foarprogrammeard yn de tillefoan. No fyn ik it in goed systeem. Krijst gelyk in sms wer werom dêr’t yn stiet oft it aaike meinommen wurde mei of net.”

De famylje Folkerts binne allegearre aaisikers. Anton gong fan ôf in jier as fjouwer al mei heit it lân yn. Doe’t hy trettjin wie, fûn hy ris it earste ljipaai fan Frjentsjeradiel, wat er oanbiede mocht oan de doetiidske boargemaster Steenhuizen. Anton Folkerts gong 58 jier letter, op tongersdei 18 maart 2010 om healwei achten moarns it lân yn op syk nei ljipaaien. Om likernôch tweintich oer achten fûn er it earste ljipaai fan Littenseradiel, syn twadde earste ljipaai.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt