Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Earste eksemplaar liftboek oanbean (fideo)

Wommels, Snein 01 Jannewaris 2012, 19:35 oere
Ofrûne nijjiersdei is in tradysje ôfsluten mei de presintaasje fan in bysûnder boek. Nei tsien jier hâlde de Wommelser lifters op mei harren liftwedstriid. De moaiste aventoeren binne opskreaun yn in boek mei de titel: LIFT! It boek waard ûnder tafersjoch fan sa’n 150 leafhawwers presintearre yn brún kafee ‘Jimbar’, wêr’t it allegear begûn is.

Mei in komyske sketch iepene redaksjelid Aant Hofstra de presintaasje yn it kafee. De oanwêzigen krigen inkele moaie anekdoates te hearren dy’t ek yn it boek beskreaun binne. Sa waard der bygelyks ferteld oer hoe’t je de Poalske grins sûnder paspoart oer komme kinne, hoe’t je de tiid trochkomme op kâlde nachtlike ferlitten tankstasjons en hoe’t je Milaan berikke mei in atlas út 1963.

It boek is opdroegen oan alle liftjouwers wat symbolisearre waard troch it oanbieden fan it earste boek oan de earste auto dy’t lâns de dyk stoppe. Skriuwster en lifter Namkje Koudenburg mocht it earste boek al liftend oan De terp yn Wommels oan liftjouwers (dy't fan neat wisten) Rienk Postma en Boukje de Jong út Luttelgeest jaan. It boek is ynklusyf lústerskiif te keap by Warenhuis Van der Velde en kin besteld wurde op www.stjoerder.nl/liftboek.
 


Gerelateerde artikelen
Hjoed boekpresintaasje Lift! yn Wommels
Wommelser lifters bringe boek út


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt