Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

DUTSEN.NL: mear as in fersekeringssite

Snits, Moandei 08 Maart 2010, 15:00 oere
Op 8 maart is de Frysktalige site dutsen.nl offisjeel de ynternetloft yn gien. Deputearre Jannewietske de Vries iepene de site offisjeel op it Provinsjehūs yn Ljouwert. De site kaam ta stān mei finansjele stipe fan de provinsje Fryslān.

De inisjatyfnimmers, Herman van der Bij en Johan Heerma fan Bij-Heerma Fersekeringen te Snits, wolle mei dutsen.nl net allinne in Frysktalige fergelikingssite oanbiede foar minsken dy’t har fersekeringen online regelje wolle. De site jout organisaasjes as doarpsbelangen bygelyks ek de mooglikheid om yn in ynternetaginda oan te jaan hokker aktiviteiten oft sy yn Fryslān op priemmen sette.

It Frysktalige dutsen.nl is de earste en iennichste yn syn soarte.
De inisjatyfnimmers wolle in ekstra diminsje oan it brūken fan de Fryske taal jaan; it Frysk waard oant no ta hielendal net brūkt yn fersekeringslān. Dat is eins nuver, want it brūken fan de eigen taal fielt fertroud, en fertrouwen is krekt by fersekerjen och sa wichtich. Boppedat fiele de Friezen har hieltiid mear belutsen by harren Fryske taal, miene Van der Bij en Heerma. Hja springe dźrop yn mei dutsen.nl. Dźrmei is dutsen.nl mear as in fersekeringssite.

Deputearre Jannewietske de Vries is tige optein oer dutsen.nl. “Dat dizze ūndernimmers harren folsleine website yn it Frysk oanbiede is grutte klasse. Dermei litte se sjen dat it sakendwaan yn it Frysk goed wurkje kin. It Frysk jout ek fertrouwen en stiet tichtby de minsken”.

Wat de fersekeringen sels oangiet, biedt dutsen.nl ferskate mooglikheden. Oft it no giet om auto, boat, hūs, reis of syktekosten, alle soarten fersekeringen binne op de site te finen. It bysūndere is dat de brūker net allinne fergelykje en ōfslute kin fia it ynternet; alle jierren krijt er ek wer in berekkening fan hokker fersekering oft finansjeel sjoen it foardielichst is. Sa kin de brūker fia dutsen.nl jild yn ’e būse hālde. Bij-Heerma Fersekeringen sil noch fierder ūnderhannelje mei de oanbelangjende maatskippijen om ek hįr berekkeningspart folslein yn it Frysk te krijen.

Dutsen.nl biedt ferienings en oare net-kommersjele organisaasjes de mooglikheid om har aktiviteiten publyk te meitsjen. Dat kin om fan alles gean, lykas teater en muzyk, sport, grien, ensfh. It is de bedoeling dat de oanbieder dźrby yn koarte (Fryske) teksten oanjout wat der wźr en wannear te rźden is. Ek Fryske e-cards binne op de site te finen. Dy kin men nei oaren tastjoere. It ferstjoeren fan sokke e-cards is fergees.

Foar jong en āld binne der op dutsen.nl ek Frysktalige spultsjes te finen. Sa is der Tin iis (Frysktalich galchje), dat op fjouwer levels spile wurde kin: houtsjes (maklik); iisklup (dreech); rintsje (net te heljen); iisfrij (sa't jo wolle). It giet dan bygelyks om it finen fan Fryske doarpsnammen. Ek kin men op dutsen.nl autentyk Fryske resepten fine en sokken sels oanbiede

Besjoch hjir de webside: www.dutsen.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




saaklik

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

FYS Projekt