Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Dûkers sykje nei reedrider yn Snits

Snits, Sneon 04 Febrewaris 2012, 13:55 oere
De helptsjinsten binne freed oan it ein fan de middei manmachtich útrukt nei de Eastlike stêdsrûnwei by Snits. Dêr is troch omstanners in wek ûntdutsen wêr’t mooglik noch in persoan yn lizze soe. Dûkers fan de brânwacht gongen op ûndersyk út, mar troffen net ien oan.

Efkes letter kaam by de plysje it berjocht binnen dat de reedrider, dy’t troch it iis sakke wie, thús ûnder de waarme dûs stie. De helptsjinsten binne nei it positive berjocht wer ynrukt.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt