Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Dronken jonges botse tsjin auto Wommelser

Wommels, Snein 06 Desimber 2009, 00:43 oere
Wommels- De plysje hat sneontemoarn twa jonges oanholden op fertinking fan it fernielen fan de auto fan in 57-jierrige frou út Wommels. De twa, in jonge fan 17 út Wommels en ien fan 20 út Easterein, soene sneontemoarn betiid mei har auto tsjin de auto fan de frou riden wêze. Dêrnei naaiden se út.


De frou waard hjir wekker fan en seach dat har auto bot skansearre wie. Se alarmearre fuortendaalks de plysje en dy fûnen de auto fan de dieders efkes fierderop yn de strjitte. Nei de kenteken kontrôle waard de eigener achterhelle. Doe dy bliken dat de 17-jierrige jonge de auto brûkt hie om op stap te gean mei de 20-jierrige Eastereiner.

Beide jonges waarden midden yn de nacht út harren bêd helle en oerbrocht nei it plysjeburo. Omdat de jonges sa dronken wienen koe de plysje de jonges net ferhearre. Se ha earst harren rûs útsliept yn de sel.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt