Dronken Frjentsjerter rydt ferkearsregelster oan
Wommels, Woansdei 02 Juny 2010, 13:03 oereHarns- In 20-jierrige ferkearsregelster út Harns is by de 'avondsvierdaagse' yn har wenplak oanriden troch in 42-jierrige automobilist út Frjentsjer. De ferkearsregelster liet de automobilist stopje om't der kuierders oerstekke woene. Doe't de frou har omdraaide ried de automobilist har fan efteren oan.
De frou rekke dêrtroch ferwûne oan har knibbels en moast behannele wurde troch de EHBO. By de automobilist is in blaastest dien omdat er mooglik tefolle dronken hie. Hy hat ek in proses-ferbaal krigen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










