Drokte by foarjiersshow Bos Meganisaasje
Easterein, Sneon 13 Maart 2010, 21:43 oereBy Bos Meganisaasje wie it de ôfrûne dagen in drokte fan belang. Fan tongersdei oant en mei sneon, wie der de jierlikse foarjiersshow mei it nijste op it mêd fan meganisaasje. Sawol jong as âld kaam op de grut opsetten iepen dei ôf.
It jongfolk koe harren fermeitsje troch op de grutste trekkers te klimmen, wilens de lân- en feeboeren harren ynformearre lieten oer de produkten en tsjinsten. Ek wienen der filmfoarstellingen en gastsprekkers. Neist Bos Meganisaasje prestearren ek De Heus voeders bv, Airkoe en Buma Hannel harren.
Letter komme der mear foto's op de side fan Bos Meganisaasje.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










