Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Driigjend sālttekoart gemeente Littenseradiel

Wommels, Tongersdei 04 Febrewaris 2010, 15:03 oere
Wommels- Troch de oanhāldende winter mei hast alle dagen opnij glźde diken, ūntstiet der geregeld in tekoart oan struisālt. Dizze sitewaasje driget him no wer foar te dwaan.


Sa gau der in lanlik tekoart driget, nimt it ryk de koördinaasje fan de distribśsje fan it sālt lanlik op him, wźrby der by de ferdieling nei wichtigens fan de diken sjoen wurdt. Sa giet de glźdensbestriding fan ryks- en provinsjale diken boppe dy fan gemeentlike diken. De gemeenten krije yn dat gefal wol sālt, mar net safolle as se nedich binne.

Om foar te kommen dat de gemeente op ienich momint echt sūnder sālt komt te sitten, is der foar keazen om yn dy sitewaasje allinnich noch de haadrūtes yn Littenseradiel te struien by opfriezingsglźdens. By snie en izel bliuwt de gemeente it besteande rezjym hanthavenjen.

It kin dus de kommende dagen en dan foaral yn de jūn- of betide moarnsoeren foarkomme dat de diken fan de twadde of tredde rūte glźd binne troch opfriezing.

Foar in beskriuwing fan de neamde rūtes kinne jo it Glźdensbestridingsplan fan de gemeente besjen. Dit fine jo op de webside fan de gemeente, www.littenseradiel.nl troch op de thśsside op ‘Aktueel’ te klikken en dźrnei foar ‘Wurk yn śtfiering’ te kiezen.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt