Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Dobbefestival Koudum wer grut sukses (fideoreportaazje)

Wommels, Snein 30 Maaie 2010, 16:44 oere
Koudum- Ofrūne sneon waard op it evenemintenterrein efter MFC De Klink yn Koudum foar de 11de kear it Dobbefestival organisearre. Mear as 2.500 besikers koene genietsje fan 21 ferskillende artysten ferspraat oer 5 poadia. Grutte publykslūkers wiene VanVelzen, Gerrit Breteler en Jitiizer.

VanVelzen (foto: Sjoerd van der Veen)
VanVelzen (foto: Sjoerd van der Veen)

De plysje hat by it Dobbefestival in grute alkoholkontrōle holden. Yn totaal binne 254 bestjoerders kontrolearre. Seis bestjoerders hiene te folle dronken en waarden oerbrocht nei't plysjeburo, ek krigen sy in prosesferbaal. Derby siet ek in bestjoerder dy't neidat hy foar de earste kear oanholden waard, wer yn de auto stapte. Hy waard wer oanholden en omdat dit de fiifde kear wie yn fiif jier dat de man ūnder ynfloed yn de auto stapte, is no ek syn rydbewiis yn belsach naam.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt