Diggelfjoer wint doarpssjoernalistyk priis
Wommels, Tiisdei 03 Jannewaris 2012, 10:46 oereOp de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel hat boargemaster Johanneke Liemburg in priis fan €500,- útrikt oan de redaksje fan Diggelfjoer Wommels foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk' yn 2011. De twa oare nominearre doarpskranten wienen Nijs.DOK út Winsum en Mandeguod út Mantgum.
De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestie út Geartsje de Vries út Jorwert, Renske van der Meer-Pasma út Mantgum en Beart Oosterhaven út Wjelsryp. Yn totaal waarden der 86 stikken ynstjoerd nei de kommisje, dy’t de swiere taak hie dêr de trije bêsten út te sykjen. Sy selektearren dêrby op it Frysk (hoe geef is it, sûnder dat it âldfrinzich is), de nijswearde (wurdt der oer it ûnderwerp fan it ferhaal praat) en de skriuwstyl (hoe flot is it skreaun, is it nijsgjirrich om fierder te lêzen).
De trije nominearre stikken wienen:
1. ‘Highland Games: switte yn ‘e sinne’ út Nijs.DOK. Dêrfan sei de sjuery dat it flot skreaun is, mei humor en in pakkende earste sin: “Ornaris sjocht men gjin swier bespierde hierrige skonken ûnder in rok weikommen”. In moai ferslach fan in moai barren op in Frysk doarp.
2. ‘De winkels fan Gerrit en Jeltsje’ út Mandeguod. In stik oer it ophâlden fan Gerrit en Jeltsje Ernst mei harren supermerk, skreaun mei gefoel foar de rôl fy’t de supermerk yn Mantgum spilet. In minsklik stik dat suver wat emoasjes opropt.
3. en ‘Greidhoek festival 2011 “Is dit lyts Woodstock of lyts Lowlands?’ út Diggelfjoer Wommels. It is in ferslach fan it earste Greidhoeke festival. De sjuery wurdearre de skerpe observaasjes en it feit dat de skriuwer kritysk doart te wêzen. It is in goed komponearre ferhaal.
De karkommisje woe ek twa ‘earfolle fermeldings’ buorkundich meitsje, nammentlik it stik ‘Winsumers: Bierboat’ út Nijs.DOK en ‘Wat my dwaande hâldt’ (fan Pieta Zijlstra-Abma) út Diggelfjoer út Wommels.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









