De sânde Jong-Feinte, edysje mei rekôrs
Easterein, Snein 31 July 2011, 16:44 oereDe sânde edysje fan de Jong-Feinte wie in alle opsichten in bysûndere edysje. In nij rekôr oan dielnimmende partoeren (27), in rekôr oan beteljende besikers (258), gjin inkele bal fuort, allinnich de bal wer de lêste slach mei slein waard, waard kocht troch Patrick Scheepstra, it nije multyfunksjoneel terrein yn gebrûk foar it parkearren, rekôr oan broadsjes hamburger, in live ferslach op sawol de website fan de KNKB as kfeasterein.nl en de earste kear dat in finale fan de Jong-Feinte op 5-5:6-6 beslikke waard!
Sichtber en ‘net sichtber’ de frijwilligers fan keatsferiening Easterein en De Skoalleseize. In geweldige prestaasje is levere wêrtroch de hiele dei gemoedlik, flot en gesellich ferrûn as nea tefoaren. De nije bestjoersleden wienen tige wiis mei harren earste, mar hiel suksesfolle edysje. De edysje wêr mar leafst 11 keatsers presint wienen die woansdei 3 augustus yn Frjentsjer op de PC stean (Arnold Zijlstra, Thomas van Zuiden, Hans Wassenaar, Jelte-Pieter Dijkstra, Siebe Greidanus, Feiko Broersma, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Pieter Sijberen Scharringa, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje). De Jong-Feinte, in poadium foar talint!
Bysûnder foar Frjentsjer wie dat de Jong-Fammen fan Frjentsjer (winners fan de Jong-Famme yn Mantgum) de krânsen omhingje mochten by de winners fan de Jong-Feinte, de Jong-Feinten fan Frjentsjer! Nei in 3e priis op de earste edysje yn 2005 (Cees Malda, Michel van der Veen en Tjitte Bonnema) no de Sulveren Leest nei Frjentsjer!
Om presiis 11.00 giet it los ûnder de prima lieding fan Durk Wierstra en Sipke Hiemstra en de grutte pleoch trouwe karmasters, telegrafisten en blokjerinners. Derfoar waard it nije winnersboerd fan de Jong-Feinte ûntbleate troch Abe en Annie Stegenga, trouwe supporters en frijwilligers fan keatsferiening Easterein, die it boerd ek oanbean ha. Se geane nei alle fjilden ta wer mar Eastereinders keatse. De fjilden leinen wer moai neist elkoar en dat makket it moai smûk, sels mei sa’n 500 minsken op it fjild.
Yn 2011 dus 27 partoeren op de list. Yn 2006 en 2010 wienen dat 24 partoeren en de oare jierren 26. Debutanten yn 2011 wienen Eksmoarre, Frjentsjer 2, Peins, Tsjummearum 2, Wommels 3, Wommels 4, Wommels 5, Ysbrechtum. De partoeren die wol op it NK Junioaren 2011 wienen, mar net op de Jong-Feinte: St Jacob, Wynaam, Amsterdam, Kimswert, Bitgum, Holwert, Berltsum, Anjum, Rie. Oan alle edysjes ha de folgjende ôfdielings meidien: Easterein, Tsjummearum, Dronryp, Wommels, Makkum.
Frjentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra wint de Jong-Feinte 2011 en kaam yn de finale troch in steand nûmer op de 1e list en winst op Wommels 3, 5-4:6-2, Boalsert, 5-4:6-2 en Peins, 4-5:4-6. Tsjummearum, winner fan 2010 mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar winne fan Makkum, 5-2:6-6, Easterein 2, 5-0:6-6, Seisbierum-Pietersbierrum, 5-1:6-2 en Wjelsryp 5-3:6-4.
Peins, mei Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten, is de ferrassing fan de dei winne in 3e priis troch winst op Minnertsgea, 4-5:6-6, Wommels 2, 5-0:6-6 en doe mei in steand nûmer yn de heale finale en ferlern fan Frjentsjer, 4-5:4-6. Wjelsryp, mei Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus en Jouke Bosje, wint ek in 3e priis. Winst op St Anne, 5-5:0-6 (yn de heale finale fan it NK ferlearen hja fan St Anne mei 5-5:6-4), Easterlittens, 5-1:6-0, Stiens (dat ferrassend wûn fan Hartwert, finalist op it NK–junioaren), 0-5:4-6 en tsjin Tsjummearum waard de heale finale ferlern mei 5-3:6-2. Sawol Peins as Wjelsryp ha noch net earder in priis wûn op de Jong-Feinte.
De finale begjint pas echt as de stân al 2-5 foar Tsjummearum is, nei’t Patrick op 2-6 bûten slacht. Yn it folgjende earst is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt, 3-5. Mei 2-4 en twa dikke keatsen kâns foar Frjentsjer en it slagget. De 6-4 is foar Frjentsjer, mar it wurdt 6-6 nei in foarslach fan Patrick en as Hans dernei kwea slacht is it 4-5 en it is wer partij. Op 2-5:6-6 tinkt Hans de partij te winnen as de platte opslach net troch Erik ferwurke wurde kin, mar Patrick slacht mei de stuit de keats wol foarby, 5-5! OP 4-4 slacht Patrick ien foar en dernei in geweldige sitbal op de kwea, 5-5:6-6! Patrick slacht wer op, Hans Wassenaar wol út, mar net goed en Jan Hof pakt de winst op de Sânde Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk!
By de priisútrikking kriget it partoer fan Frjentsjer de krânsen omhong fan de Frjentsjerter Jong-Fammen en dernei in taspraak fan Frjentsjerter Jan Hiemstra, betinker en stiper fan De Sulveren Leest. Jan is tige grutske op syn stedsgenoaten.
De Sânde edysje sit der op en wie fantastysk! In prachtige dei die einige mei in spannende finale en ferrassende winner fan de Jong-Feinte. In geweldige publike belangstelling en wat ha we it troffen mei it waar! We sjogge jimme graach wer yn 2012, op de fjirde woansdei fan july, 25 july 2012.
In wiidweidich ferslach en foto’s binne te sjen op www.kfeasterein.nl (Jong-Feinte)
Utslaggen:
1. Frjentsjer (Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra)2. Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar)
3. Wjelsryp (Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus, Jouke Bosje)
3. Peins (Douwe Rienstra, Niek Feenstra, Menno van Zwieten)
1e omloop
Wommels 3 - Wommels 4 5-0:6-2; Dronryp - Harns 5-3:6-2; Boalsert - Eksmoarre 5-1:6-6; Tsjummearum 2 - Makkum 5-2:6-6; Easterein 2 - Folsgeare 5-4:6-4; Tsjummearum 1 - Easterein 1 5-4:6-4; Seisbierrum-Pietersbierum - Frjentsjer 2 5-1:6-6; Wommels 5 - Stiens 2-5:2-6; Ysbrechtum - Hartwert 2-5:0-6; St Anne - Wjelsryp 5-5:0-6; Easterlittens - Wytmarsum 5-2:6-2; Minnertsgea - Peins 4-5:6-6; Wommels 1 - Wommels 2 4-5:4-6;
2e omloop
Frjentsjer - Wommels 3 5-4:6-2; Dronryp - Boalsert 1-5:4-6; Tsjummearum 2 - Easterein 2 5-0:6-6; Tsjummearum 1 - Seisbierrum-Pietersbierum 4-5:4-6; Stiens - Hartwert 5-4:6-4; Wjelsryp - Easterlittens 5-1:6-0; Peins - Wommels 2 5-0:6-6;
3e omloop
Frjentsjer - Boalsert 5-4:6-2; Tsjummearum - Seisbierrum-Pietersbierum 5-1:6-2; Stiens - Wjelsryp 0-5:4-6; Peins
Heale finale
Peins - Frjentsjer 4-5:4-6; Tsjummearum - Wjelsryp 5-3:6-2;
Finale
Frjentsjer - Tsjummearum 5-5:8-6
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









