De bel (Kollum fan Jan Hibma)
Wommels, Woansdei 23 Septimber 2009, 15:05 oereIn út koper makke apparaat mei de saneamde bongel, wêroan in moai stevich oanienflochten dik eintsje tou befêstige is omt de bongel dermei tsjin de holle binnenkant fan de bel te gieseljen, wêrtroch it algemien bekende lúd fan dé bel te hjearen is. Wurdt brûkt op boaten en yn skoallen en fansels yn ‘e kroech mei der ek net ûntbrekke...
De bel hat te lijen fan in ientoanich bestean, syn funksje is by eltsenien bekint, “hjir falt wat te heljen”. Ast em hjearst, en dat dochst seker, en sist tafallich op it goeie plak dan profitearest mei. Joust em sels in giesel dan kin it gau sa wêze dast flink yn ‘e bûse taaste moast. Mar wis is wol dast der in protte wille en tankberheid foar werom krigest. De bel hat altiten gelyk en der wurdt net mei yn diskusje gong, hy dwingt respekt ôf en hat sadwaande in tige machtiche útstraling, fandêr dat er ek altyd it bêste plakje oan ‘e bar hat. De bel sil net wykje, der wurdt foar him wykt. Dochs hat de bel ek net te min te lijen fan in iensum bestean, meastentiids hinget hy der mar en wurdt mear besjoen as in keunstobjekt as in brûkber apparaat.
Yn folle fan dy opsichten hast lyk oan it wyfke fan plesier. Tusken de minsken, mar dochs allinne. Der binne mear minsken dy’t foarby rinne dan dat der binnenstappe en werklik de froulju mei it winkeltsje ûnder de skelk besykje. By de bel itselde, der binne mear dy’t em hingje litte as klinke litte. Ek de funksje is algemien bekend. In rûntsje jaan as in besyk oan in keamerke mei gerdyntsjes en read ljocht kostet jilt. Ôfhinklik fan it oantal minsken oan ‘e bar as de grutte fan ‘e beurt kin it aardich yn ‘e sinten rinnen gean.
Salang ast de minsk niget hat oan fertier, en salang men ree is derfoar te beteljen sille de doaren fan de hûskes noch wol dei en nacht iepen stean foar de ferlethawwende man en sil de bel wol hingjen blieuwe op syn machtiche plak. En dêr stil wachtsje op dat folgjende suniche momint dat der wer ien is dy’t syn funksje yn it libben skuodet en der wer tsjinje kin wer’t der foar makke is, belje.
| In bydrage fan: Jan Hibma | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






