Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

CD presintaasje fan twa Fryske bands

Easterlittens, Moandei 21 Novimber 2011, 17:27 oere
Op sneon 17 desimber presintearje de twa Frysktalige bands ”dEROELS" en "Ljoubjr de band" harren cd’s yn “De Herbergh Het Wapen van Friesland” te Easterlittens.

Ljoubjr DE band is in spesjale gearwurking fan it semi-akoestyske duo Ljoubjr (Hedser Jan Tijtsma en Eelke Wiegersma) mei in nij gearstalde band.
Nei it útbringen fan in trijetal CD’s, wie der noch in ferskaat oan eigen lieten fan it twatal, dy’t riker arrangearre wurde koene. It duo socht oan it begjin fan dit jier nei muzikanten en hja fűnen Arnold Strikwerda (drums), Anna de Vries (toetsen) en Wâtte Leenstra (basgitaar). Yn dizze besetting hat “Ljoubjr de band” al in protte optredens fersoarge, sa as Aaipop en it Greidhoek festival. De reaksjes op dizze optredens wiene sa posityf, dat it twatal mei band dizze simmer in mini CD opnaam hat. Op sneon 17 desimber wurdt dizze cd presintearre.

De rockband dEROELS is yn 2008 űntstien út leden en eksleden fan Frystalige bands lykas: Cormick, Tsjettel, en Xigatze. Yn 2009 hat de band meidien oan it songfestival “LIET”. Hja spilen dęr it liet "Fleankleed".
dEROELS spilen fierder op festivals (Aaipop, Tsjoch en Muzuder), en yn sealen en tinten (Romein, Lawei, en Iduna). Begjin 2011 hawwe de roelmannen in mini cd opnaam..
dEROELS binne Leo Smit (sang en bas), Hedser Jan Tijtsma (sang en gitaar), Gerben Gerbrandy (foardracht en gitaar) en Arnold Strikwerda op drums.

Tuskentroch sil D.J. Gabberandy syn I podsjes en pantsjes muzyk heare litte.

De CD presentaties binne jűns om 21:21oere op 17 desimber, yn “de Herbergh Het Wapen van Friesland” te Easterlittens”, de tagong is fergees.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt