Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Bysûndere gasten skyldpoddenopfang Goaiïngaryp

Wommels, Tiisdei 13 April 2010, 13:40 oere
Goaiïngaryp- Yn de skyldpoddenopfang fan Hillie Popma sitte op it stuit twa hiel bysûndere gasten: wasbearhûnen. Sy binne yn beslach nommen by ien dy't sy'n hiele hûs fol hie mei alderlei bisten, yn erbarmlike omstannichheden.


De wasbearhûnen sieten bygelyks yn in kninenkoaitsje en koenen net iens gewoan stean! Sy binne no ûnderbrocht yn in stal mei boartersguod, in wetterbassin, beammen om yn te kladderjen en in feilich skûlplak. Mar dizze opfong kost wol ekstra jild. Allinnich al de feedokter kost sa'n 1000 euro! Jeften binne dus mear as wolkom. Wa't de opfong stypje wol kin in bedrach oermeitsje nei rekkennr. 12.61.17.780 t.n.f. "Stichting It Schildhûs" yn Goaiïngaryp. Stiper wurde kin fansels ek. Stjoer dan in mailtsje nei info@itschildhus.nl

Boarne: Topentwelonline.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt