Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Buert ûntromme nei fûle brân skoalgebou Boalsert

Boalsert, Moandei 16 Augustus 2010, 06:52 oere
Fannacht is der in grutte útslaande brân west yn in leechsteand skoalgebou oan de Frjentsjerstrjitte yn Boalsert. It gie om it gymnastyklokaal, wêr't in protte sloopôffal leit. troch de fûle reekûntwikkeling en mooglik asbest gefaar waarden fiif wenningen ûntromme. Oare bewenners fan de wyk moasten ruten en doaren ticht hâlde.

De brân is rûn 03.45 ûntstien en wie by oankomst fan de brânwacht in grutte útslaande brân. Neist it korps fan Boalsert waarden ek de korpsen fan Parregea en Wytmarsum alarmearre. Nei goed twa oeren wie it fjoer ûnder kontrôle. It neiblussen hat de hiele moarn noch duorre.

De beurtbewenners koene yn 'e rin fan 'e moarn werom nei harren hûs. De mjitploech fan de brânwacht hat gjin gefaarlike stoffen yn de buert mjitten. Mooglik is der sprake fan brânstichting. De plysje sil dit ûndersykje. It gebou stiet op de nominaasje om sloopt te wurden.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt