Brommerrider skept troch auto by Heech
Heech, Woansdei 02 Novimber 2011, 22:46 oereIn brommerrider is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding. Hy waard oer de holle sjoen troch in automobilist dy’t fanôf in hiem de Lytsehuzen op ride woe.
De brommerrider waard troch de oanriding lansearre en kaam sa’n tsien meter fierder telâne. It slachtoffer wie oansprekber en is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









