Brommerrider botst tsjin auto by Folsgeare
Wommels, Freed 04 Juny 2010, 13:28 oereFolsgeare- In 17-jierrige brommerrider út Makkum is tongersdeitemiddei by in ûngelok op de monumentwei yn Folsgeare ferwûne rekke.
De Makkumer wie troch ûnbekende oarsaak mei syn brommer tsjin de rjochterkant fan in auto riden, wêrby hy mei de brommer ûnderút gie. Hy waard mei rêchklachten mei in ambulânse nei't it sikehûs fan Snits brocht. De ynsittende fan de auto kaam mei de skrik frij.
Foto's en fideo: Wessel Bosgraaf
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










