Brantsje yn fiskkream Snits
Wommels, Woansdei 02 Juny 2010, 21:02 oereSnits- Wierskynlik troch oerferhitting fan de fritueroalje is der tiisdeitemoarn brân űnstien yn in fiskkream oan it Nomandiaplein yn Snits. De brânwacht fan Snits waard rűn 11 oere alarmearre.
Doe't de brânwacht te plak wie die bliken dat de flam yn de fritueroalje slein wie. Meiwurkers fan de fiskkream ha mei in brânblusser foarkomme kinnen dat it in útslaande brân waard. De brânwacht hat allinnich in nei kontrôle útfierd. De fiskkream hat wol protte reek en wetterskea oprűn.
Foto: Jan Douwe Gorter
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















