Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Brân yn skuorre mei hea by Surch

Wommels, Moandei 05 July 2010, 15:31 oere
Surch- By in brân op in pleats oan de Gooyumerwei yn Surch is sneintemiddei in skuorre ferlern gien. Yn de skuorre stie ûnder oare ark en lei in bulte hea. De skuorre stie tichtby twa loadsen dêr't hinnen en keallen yn stiene. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat de brân oersloech nei de loadsen. It is net dúdlik hoe grut de skea is.


De brân is mooglik ûntstien troch koartsluting yn it transformatorhúske fan in wynmûne op it hiem fan de pleats. De brânwacht fan Makkum en Wytmarsum binne in skoft dwaande west mei it neiblussen. Ek hjoed moast de brânwacht noch neiblusse.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt