Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Hjoed boekpresintaasje Lift! yn Wommels

Wommels, Woansdei 28 Desimber 2011, 03:36 oere
Tsien jier lang hat in groep jongerein fan Wommels út troch 13 Europeeske lannen liften.  De aventoeren fan dizze lifters stean yn in nij te ferskinen boek mei de titel: Lift!

De erfarings binne sfearfol en mei gefoel foar humor beskreaun. Ferhalen oer ferâldere kaarten, oer plysjes dy’t je freon wurde kinne, oer in Alvestêdetochtfinish, oer tankstasjonautomaatkofje, oer Jehova’s en oer sunige autoriders. Foar net-lêzers binne de ferhalen te beharkjen op de lústerskiif dy’t je fergees by it boek krije. Mei sprekkende foto’s, smskes en Tweets wurde je troch de lifters meinaam op harren reizen.

Op 1 jannewaris 2012 om 16 oere sil it boek presintearre wurde en te keap wêze foar €15,-. Eltsenien is wolkom by de presintaasje yn brún kafee ‘Jimbar’ te Wommels.

By de presintaasje sille inkele moaie anekdoates út de doeken dien wurde en sil it earste boek op ludike wize oanbean wurde. Nei ôfrin is de kroech iepen foar in gesellige nijjiersjûn mei live muzyk. It boek  hjir te bestellen en ek te keap by Warenhuis Van der Velde yn Wommels.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt