Boargemaster jout ôftraap foar 'Kom nei Wommels'
Wommels, Woansdei 02 Juny 2010, 17:00 oereWommels stiet de kommende trije dagen yn it teken fan 'Kom nei Wommels'. Der binne in protte aktiviteiten foar jong en âld yn it sintrum fan it doarp, op de Terp. Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel hat hjoed de offisjele ôftraap jûn troch in fuotbal yn it doel te sjitten.
"Kom nei Wommels wurdt organisearre om mear aktiviteiten en minsken nei Wommels te krijen, om sa Wommels better op de kaart te setten" neffens mei-organisator Klaas van der Weg.
Foar de skoalbern fan it basis en foarsetûnderwiis út de wide omjouwing, wiene der hjoed ferskate demonstraasjes fan ferskate sportferienings. Sa wie der in keatsmuorre, turnmatte, follybal, swimmen, ponyride en klunen. Sels Boargemaster Liemburg bûn by de stand fan de iisbaan de redens ûnder, om in wedstrydsje te klunen. Derneist joech Sc Heerenveen in fuotbalclinic en wie der noch in rugbydemonstraasje troch rugbyklub Greate Pier út Ljouwert.
Tongersdei 3 juny start om 19.00 oere in programma dat yn teken stiet fan feiligens. Helptsjinsten sa as plysje, ambulânse en brânwacht jouwe spektakulêre demonstraasjes en sette in ûngelok yn sêne. Ek is der in 4x4 demo wêr't hja mei ride kinne. Op dizze jûn wurdt ek it Keurmerk Veilig Ondernemen útrikke oan de ûndernimmersferiening fan Wommels.
Freedtemiddei 4 juni is der tusken 13.00 en 19.00 oere in grutte jiermerke en om 16.30 oere wurdt in demonstraasje jûn troch Sportskoalle Akkermans. Fanôf 19.00 begjint it jûnsprogramma mei optredens fan de majorettes en malletband fan Euphonia. Fjirder fine der foarwedstriden plak fan it NK kessengefjocht en de finale fan it WK appeltaartbakke. De jûn wurdt ôfsluten mei it optreden fan Mucifer.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










