Boalserter mishannelt famke út Warkum
Boalsert, Woansdei 21 July 2010, 21:09 oereIn 14-jierrige famke út Warkum is tiisdeitemiddei yn Boalsert oant trije kear ta mishannele troch in 74-jierrige Boalserter. It famke die mei oan aktiviteiten organisearre troch Jongerenwerk Bolsward doe't de man har lęstich foel.
Ien fan de aktiviteiten wie in hindernis bij in bręge oan de Dokter Bleekhuissingel. Dęr wie in hindernis oan de bręge makke mei autobannen en tou. It famke wie dwaande mei de hindernis doe't der in boat oankaam.
De 74-jierrige eigener fan de boat triuwde it famke oant trije kear ta oan de kant. Hjirtroch kaam it famke trije kear mei har holle tsjin it beton fan de bręge. Hjirby hat it famke letsel oprűn. It famke hat oanjefte dien en de plysje űndersiket de saak.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















