Blues yn de Tysker
Easterwierrum , Tiisdei 01 Novimber 2011, 13:26 oereOp snein 6 novimber 2011 wurdt de earste Tyskerblues yn Easterwierrum holden. In doarp mei safolle bluesleafhawwers en muzikanten liket in ideale basis om út en troch goede konserten te organisearjen.
In ploechje ynwenners hat dan ek it inisjatyf nommen om in bluesband foar De Tysker yn te hieren: de GINHOUSE BLUESBAND, mei yn de gelederen de Easterwierrumer drummer Johannes Dijkstra. Dizze omtrint legindaryske formaasje bringt in moaie staalkaart fan de blues, mei in protte up tempo bluesrock.
Seal iepen om 16.00 oere, de tagong is fergees.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









