Blauhúster Tsjerketoer dekôr Nasjonale Gedichtedei
Blauhûs, Moandei 23 Jannewaris 2012, 13:31 oereMei de Nasjonale Gedichtedei fan tongersdei 26 jannewaris wurdt jûns yn Blauhûs in strofe út it gedicht ‘Jannewaris’ en oar wurk fan dichter, skilder Gerben Rypma (1878 – 1963) op de 45 meter hege Blauhúster tsjerketoer projektearre. De teksten binne yn de fiere omkriten te sjen.
It gedicht Jannewaris is foar it earst publisearre yn 1908 yn ‘Sljucht en Rjucht’. It bestjoer fan de Gerben Rypma Stifting hat foar dit gedicht keazen omdat it noch altyd tige aktueel is.
Jannewaris (2e part)
't Is my sa kâld om 't hert en bang,
Al seach en hearde ik jitte lang
De leave blom, de fûgelsang,
Mei fieling sjoen en wol forstien,
Yn finnen, mieden fris en grien,
Yn loften klear as edelstien.......
Dat yn dizz' wrâld fan iis en snie
Wer libben komt, sa't ienkear wie.
De strofe út it gedicht ‘Jannewaris’ wurdt ôfwiksele mei Siedkerlen (siswizen). Hjir hat Gerben Rypma om-ende-by 1904 rom 450 fan skreaun en oersetten. Foar de Nasjonale Gedichtedei hat de Gerben Rypma Stifting in lytse seleksje makke wêrûnder:
- Hy dwaalt net dy’t werom keare wol.
- In goed wurd fynt in goed plak
- Is ‘t net yn de nacht - dat de stjerren skine?
- Sûnder poëzij is it libben in mistige dei
It bestjoer wol yn e takomst minsken faker ferrasse mei projeksjes op gebouwen en yn it lânskip. ‘Ek beamen en auto’s liene harren goed foar projeksje’.
Blauhûs, tongersdei 26 jannewaris 18.00 – 22.30 oere, Nasjonale Gedichtedei, Tsjerkeplein en fiere omkriten. Publyk is fan herte wolkom.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









