Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Oarsprong Blackberry yn Fryslân?

Swarte Beien, Tongersdei 13 Oktober 2011, 21:06 oere
No goed, wij binne der fansels net wis fan mar it hat wol kâns dat de Kanadees Mike Lazaridus yn de begjinjierren 90 in kear op fakânsje west hat yn Fryslân. Ja krekt de man fan de BlackBerrys, it apparaat wat foar 10 oktober 2011 in reedlik alternatyf wie foar in echte smarthone. It net wurkjende apparaat dat minsken yn swiere rou treaun hat.

Oer dy Mike Lazaridus. Ik stel mij sa foar dat syn pake Mike Lazaridus yn 1945 diel út makke fan de Kanadese troepen dy’t Fryslân yn op 15 april 1945 befrijd hawwe.
“Węr wiene se no krekt west”, hie de jonge Mike al in pear besocht at hij bij pake op besite wie en de âld man de moaie ferhalen oer de yntocht yn Europa foar de safolste kear fertelde.
Mar pake Lazaridus fertelde altyd oer de bliidskip fan de Nederlânners en oer de moaie famkes.

Doe’t de jonge Mike neitinke woe oer syn takomst en hij dęrfoar ôfreizgje woe nei Europa en pake mei syn lęste dagen miskien wol syn lęste oeren dwaande wie, kaam it antwurd op de earder stelde fraach dan dochs noch:: “Swarte..... beien, swarte..... beien” , en dat wiene tagelyk syn lęste wurden.

En sa reizge de lytssoan nei Europa, nei Nederlân, nei Fryslân, nei Littenseradiel, nei Kűbaard en sa kaam hij út op de útbuorren Swarte Beien.
Twa pleatsen en in trijesprong.
In trijesprong is gjin krúspunt węr’t je ek rjochtút kinne.
Op in trije sprong moat je kieze. Rjochts of lofts. Goed of ferkeard.

En op dy trijsprong op Swarte Beien, op de slachtedyk űnder Kűbaard makke de jonge Lazaridus syn kar. Hij woe syn eigen type swartphone űntwikkelje In eigensinnich apparaat foar eigensinnige minsken.

En de namme fan syn produkt űntstie op dy trijesprong op Swarte Beien: BlackBerry.

Wrâldferneamd en fanôf 10 oktober 2011 it űnderwerp fan nocht oan űnnocht. De Blackberrys hawwe harren langste tiid hân mar op Swarte Beien is it noch altiten moai ręstich.

"Koop ik een IPhone, gaat steve jobs dood, koop ik een Blackberry, gaat ping dood... Ik ga nu voor het album van justin bieber!”

"Dear Blackberry, I think it's nice that you're honouring Steve Jobs' death with a 3 day silence."


In bydrage fan: Aant Hofstra Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt