Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Biodiversiteit yn breder perspektyf

Ljouwert, Freed 20 Jannewaris 2012, 08:35 oere
‘Hoe moet biodiversiteit een breder perspectief krijgen dan tegenwoordig het geval is?’, dat is de fraach dy’t op freedtejűn 27 jannewaris sintraal stiet yn de lęzing dy’t Esther Turnhout fersoarget yn de filmseal fan it Natuurmuseum Fryslân te Ljouwert. Turnhout is Associate Professor Bos- en Natuurbeschermingspolitiek oan Wageningen Universiteit. Har lęzing yn it Natuurmuseum is de twadde yn de rige ‘Wat wordt het met die Friese natuuur?’, dy’t organisearre wurdt troch it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, de Fryske Feriening foar Fjildbiology en it Natuurmuseum.

De rige ‘Wat wordt het met die Friese natuur?’ rjochtet him benammen op de fraach oft de oplossingen fan juster ek wearde hawwe foar de swierrichheden fan moarn. De earste lęzing yn de rige waard holden troch Jaap de Vlas op 29 novimber. De oare lęzingejűnen wurde holden op tongersdei 22 maart en moandei 14 maaie.

Op tongersdeitejűn 22 maart komt ‘In welk perspectief kunnen we de toekomstige Nederlandse natuur plaatsen?’ oan bod by de lęzing fan Matthijs Schouten (Associate Professor Natuurbescherming en Plantenecologie; Wageningen Universiteit). De lęste lęzing yn de rige wurdt fersoarge troch Keimpe Wieringa (Teamleider Natuur, Landschap en Biodiversiteit; Milieu en Natuur Planbureau) en giet oer ‘Het benutten van kansen voor nieuw natuurbeleid in schrale tijden’.

De lęzingen binne foar elkenien tagonklik en begjinne om 19.30 en sille oant 21.30/22.00 oere duorje. Lokaasje is it Natuurmuseum Fryslân, Skuonmakkersperk 2, 8911 EM Ljouwert. De fiertaal fan de lęzingen is it Nederlânsk.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt