Beweechyntervinsje Bogerman fan start gongen
Wommels, Woansdei 17 Maart 2010, 15:28 oereMei in judoswaai helle wethâlder fan sport Franke Doting syn kollega meiwurker dan sport Frank van Dijk ûnderút. Op dy manier iepene hy woansdei 17 maart symboalysk de beweechyntervinsje Bogerman.
De gemeente Littenseradiel hat it inisjatyf nommen oma de learlingen fan Bogerman Wommels (noch) mear bewege te litten. Sy docht dat troch alle njoggen klassen kursussen oan te bieden by Sportsintrum Akkermans yn Wommels. Sa folge nei it ‘potsje judo’ tusken wethâlder Franke Doting en meiwurker sport Frank van Dijk foar de earsteklassers vwo/havo fan Bogerman in judoles.
De seary lessen wurde yn it ramt fan de kampanje ’30 minuten per dag’ fan it Nasjonaal Aksjeplan Sport en Bewegen (NASB) organisearre. It NASB is derop rjochte minsken oan te setten ta in mear aktive libbenswize. De gemeente Littenseradiel wol mei dizze kampanje foaral ynsette op de jongerein en de âlderein.
Littenseradiel stelt de learlingen yn steat om bewegingskursussen te folgjen by de pleatslike sportskaolle. Alle klassen fan Bogerman Wommels krije in ferskillend programma oanbean. De fiif groepen fan klasse ien en twa geane lessen folgjen yn judo. De treddeklassers bekwame harren in jiujitsu. De eksamenklassers vmbo folgje in sport-oriïntearringsprogramma. Sy folgje lessen yn ûnder oaren fitness, spinning en kick and punch. It sportprojekt rint yn totaal seis wiken.
Bogerman Wommels en Sportsintrum Akkermans binne bliid mei it gemeentlike inisjatyf, te mear om’t dit yn in breed kader setten wurdt. Bewege moat in bewust diel fan grutbringe fan bern en fan libjen wêze. It iten is dêr ek in wichtige faktor by. Fandêr ek dat in deskundige op dat gebiet foarljochting jaan sil op Bogerman Wommels.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










