Betinking 60 jier Kneppelfreed
Ljouwert, Moandei 12 Septimber 2011, 14:35 oereFreed 16 novimber is it sechtich jier lyn dat it Kneppelfreed wie. In rjochtsaak yn Ljouwert rûn út rûn op reboelje, allinnich mar om’t men gjin Frysk prate mocht yn de rjochtseal en net elkenien der mear yn mocht of koe. De polysje grypte yn en kneppele deryn om as wiene it hinnen. Dat hiele trelit is tinkt ús in weardich momint foar it Frysk. Der is in protte feroare mar der is ek noch in wrâld te winnen. De Ried fan de Fryske Beweging organisearret sechtich dagen lang aktiviteiten fan 16 septimber ôf.
De Ried fan de Fryske Beweging grypt de betinking fan Kneppelfreed oan om minsken bewust te meitsjen fan de rykdom oan talen op ús wrâld. De Ried wol de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: hoe komt it mei de rykdom oan talen op ‘e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy yn aksje. Foar it Frysk jildt dat de taal noch tige libbet en rûnom praat, skreaun en songen wurdt. Boppedat binne de mooglikheden folle grutter as 60 jier ferlyn. It wurdt dêrom yn it foarste plak in fleurich feest fan Fryske klanken. Lykwols sil ek de reële noed en soarch oer de takomst trochklinke, en de solidariteit mei it Stellingwerfsk, it Stêdsk, it Bildtsk en oare “lesser used languages” yn Europa (Mercator). De Ried fan de Fryske Beweging wol alle talen by dit feest belûke. De betinking hat dan ek de namme: ‘fan kneppelje nei keppelje’.
Besjoch op dizze webside foar mear ynformaasje.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









