Bestjoerder ferwûne troch lossketten oanhingwein
Wommels, Tongersdei 22 April 2010, 13:50 oereFrjentsjer- Woansdeitemoarn is in automobilist ferwûne rekke neidat in lossketten oanhingwein fan in tsjinlizzer frontaal op syn auto botste. De 30-jierrige bestjoerder út Menaam moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. It ûngelok fûn plak op de krusing Boargemaster J. Dijkstrawei mei de provinsjale dyk de N384 flakby de Frisa brêge.
Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de oanhingwein mei derop in kompressor los fan in auto bestjoert troch in 39-jierrige ynwenner fan De Harkema . De Menamer koe de oanhingwein net mear ûntwike en botste der frontaal op. De plysje sil de tadracht fan it ûngelok ûndersykje.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










